Fergees poppeguod by earste Kreambank

11 sep 2015 - 14:51

It Hearrenfean hat de primeur yn Nederlân mei de iepening fan de Kreambank. Dêr kinne memmen dy't net genôch jild hawwe, guod krije dêr't se ferlet fan hawwe. It giet om in inisjatyf fan Isis kreamsoarch, dy't yn gearwurking mei ferloskundigen en gynekologen memmen oan guod helpe. De Kreambank hat no al in grutte foarried fan ruften, poppeklean, widzen, boksen, doekjes en berneweinen. Isis kaam mei it inisjatyf omdat der sa'n soad guod fuortsmiten waard.

Net foar eltsenien
Allinnich kliïnten fan Isis kinne no gebrûk meitsje fan de Kreambank. Mei help fan de ferloskundigen en de kreamfersoarchsters wurdt fêststeld oft ien rjocht hat op help. It giet om in grut ferskaat oan minsken. Guon bin flechtling of asylsiker, oaren moatte rûnkomme fan in útkearing en hâlde kwalik jild oer.

Ynsammelje
Meiwurkers fan Isis binne úteinset mei it sammeljen fan guod nei't se hieltyd faker minsken tsjinkamen dy't neat yn hûs hiene. Yn it ferline krige dy groep dan al gau help út de buert. Mar net eltsenien doart dy stap te nimmen. Finansjele swierrichheden binne net saken dêr't je graach oer prate. By oare kliïnten dêr't guod oer wie waard frege oft se dat meinimme mochten foar minsken dy't it minder breed hiene. It gie om saken dy't oer binne út it kreampakket of wichtige saken lykas rompers of ruften. No wol Isis de ynsammeling útwreidzje. Fia facebook (www.facebook.com/kraambank) kin guod oanmeld wurde. Ek kin kontakt opnaam wurde mei it haadkantoar op It Hearrenfean.

Noard-Nederlân
De bank is foar memmen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat is it fersoargingsgebiet fan kreamsoarchynstelling Isis. Sijke Zuidersma fan Isis tinkt dat it hjir net by bliuwe sil: "Krekt lykas de foedselbank is hjir ferlet fan. In soad minsken hawwe finansjele problemen en wy sjogge net gau ferbettering."

Trefwurden: 
Kreambank It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)