Duo oppakt foar drugsbesit op It Hearrenfean

11 sep 2015 - 10:01
plysje - Foto: ANP

Twa minsken binne tongersdei op It Hearrenfean oppakt om't se GHB en speed by harren hienen. It giet om in 23-jierrige frou út Jobbegea en in 25-jierrige man fan It Hearrenfean.

It duo siet yn in auto en waard trappearre by in kontrôle op in parkearplak oan De Beugel op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)