Manlju trappearre mei trije kilo himp op De Gordyk

11 sep 2015 - 09:53
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdei trije kilo himp yn beslach naam op De Gordyk. De himp waard fûn yn in skuorre by in wenning oan De Leijen. De 37-jierrige eigener fan it hûs en in man fan 31 fan De Gordyk binne oppakt.

It duo hie ek yllegaal stroom ôftape.

Trefwurden: 
himp De Gordyk oppakt
(advertinsje)
(advertinsje)