Underskieding foar âld-fleanbasiskommandant Gerbe Verhaaf

10 sep 2015 - 20:18

Ald-fleanbasiskommandant Gerbe Verhaaf hat tongersdeitejûn fan de kommissaris fan de Kening John Jorritsma de CdK-penning krigen. Kolonel Verhaaf hat him de ôfrûne trije jier ynset foar it behâld fan fleanbasis Ljouwert, ien fan de grutste wurkjouwers fan Ljouwert. Verhaaf wie ek belutsen by aktiviteiten as de besite fan de kening oan Fryslân en by it fieren fan 70 jier befrijing.

De CdK-penning is in ûnderskieding dy't de kommissaris fan de Kening takent oan persoanen dy't har ynsette foar Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)