Grutte plysjekontrôle op Ofslútdyk

10 sep 2015 - 17:45

De plysje hâldt op dit stuit in grutte kontrôle op de Ofslútdyk. It doel is de oanpak fan it saneamde 'mobyl banditisme'. Dêrby wurdt de Ofslútdyk brûkt as oan- en ôffierrûte troch kriminelen. Dan giet it bygelyks om drugshannel en wenningynbrekkers.

Ien fan de minsken dy't tongersdeitemiddei oanholden waard hie noch foar 21.000 euro oan boetes iepenstean. Yn totaal sil de plysje fan 1 oktober ôf acht grutte kontrôles útfiere rûnom yn de provinsje. De kontrôle fan tongersdei duorret noch oant 21.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)