Ien miljoen kúb nij sân foar strân It Amelân

10 sep 2015 - 16:57

Rykswettersteat begjint freed mei it oanbringen fan sân op it strân fan Amelân-Midden. Baggerskippen stoarte dêr de kommende tiid fia in parslieding ien miljoen kúb sân op it strân.

Hjirmei bliuwt It Amelân de kommende jierren wer goed beskerme tsjin de see. It wurk duorret oant en mei desimber en giet dei en nacht, sân dagen yn de wike troch. Minsken kinne gewoan op it strân en yn de see. It wurkterrein is wol ôfsletten, fanwege it gefaar fan driuwsân en rûnridende bulldozers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)