Freeze Festival Ljouwert hat line-up kompleet

10 sep 2015 - 16:44

It Freeze Festival yn Ljouwert hat syn line-up kompleet. De organisaasje hat ûnder oaren it Broken Brass Ensemble, BazookaBeat en De Deun van Seun fêstlein. De leden fan dizze lêste band, binne Jakobus Seunenga fan it eardere Pigmeat en Kees van Hondt.

Earder waard al bekend dat Blaudzun, Rondé en Enthroned ek spylje sille op it festival. Freeze is op sneon 26 septimber yn de Harmonie yn Ljouwert. It festival wurdt organisearre troch Friesland Pop yn gearwurking mei De Harmonie.

Trefwurden: 
Freeze Festival Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)