Duorsumens-app om transparânsje yn suvelketen te fergrutsjen

10 sep 2015 - 15:59

Suvelbedriuw Royal A-ware, mei in fêstiging op It Hearrenfean, komt mei in spesjale duorsumens-app. Minsken kinne dêrop sjen hokker stappen melkfeehâlders sette om sa duorsum mooglik te wurkjen.

Sa is bygelyks te sjen hoe lang oft de boeren dy deis har fee bûten hân ha. A-ware spilet mei de app yn op de groeiende fraach nei suvel dy't makke is fan kij dy't yn de greide rinne. It suvelkonsern betellet boeren dy't der oan meiwurkje in lyts bytsje ekstra foar de molke dy't se leverje. De app is begjin takom jier beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)