Súdwest-Fryslân hat minste skoalferlitters fan Nederlân

10 sep 2015 - 13:09

Bern út it súdwesten fan Fryslân helje faker har diploma as learlingen út de rest fan it lân. It tal skoalferlitters sûnder diploma is de ôfrûne trije jier sakke fan sa'n 260 nei 170, rûchwei 1.3 persint. It súdwesten (de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren) sit dêrmei fier ûnder it lanlik gemiddelde fan 1.9 persint. Om dat persintaazje noch fierder omleech te krijen ha it Ryk, de gemeente Súdwest-Fryslân en de belutsen skoallen de ôfspraken fernijd.

It giet dan om saken oer hoe't je de bern it bêste yn de gaten hâlde kinne. As je bekend binne mei de problemen dy't de learlingen thús ha, kin je dêr op ynspylje. Troch mei de learlingen te praten en se help oan te bieden is de kâns grut dat se gewoan har oplieding ôfmeitsje. Oanpak De Friese Poort Snits. Op skoallemienskip De Friese Poort (2800 learlingen) sjogge se de resultaten. Troch in tal tûke maatregels kinne se learlingen goed yn de gaten hâlde. Sa sit de learkrêftekeamer njonken de haadyngong en kin sa yn de gaten hâlden wurde wa't al en net op skoalle binne. Ek ha alle opliedings binnen it gebou in eigen kleur. Ek al is it gebou grut, foar it gefoel liket it dan lyts. Dat seit ek earsteklasser Sylven van Beek. De Friese Poort is al syn tredde skoalle. Earst siet hy in skoft op skoalle yn Arnhem, letter yn Rotterdam. Hy wie dêr yn fan de tsientûzen learlingen. Yn Snits hat hy dat gefoel net. "Leraren begrijpen mij hier. Veel sneller. Meestal lijkt een grote school op een massaproductie bedrijf. Hier lijkt het of de school veel kleiner is. De docenten zijn opener. Ik voel me hier thuis." Kaai ta súkses. Dat is krekt it doel fan Marten Jager. Hy is dosint rekkenjen en hâldt 'm binnen De Friese Poort Snits dwaande mei de 'vsv'ers', de 'voortijdig schoolverlaters'. Neffens him is goed kontakt mei de learling en de âlden de kaai ta sukses. "Benammen de âlden bin belangryk. Dy moatte belutsen wêze by har bern." Dy passy wurdt ek ferwachte fan it personiel. "De belutsenhied fan it personiel is fan grut belang. Minsken moatte net allinnich foar de sinten foar de klasse stean." Lanlik foarbyld. De sifers oer it foarkommen fan útfal binne fansels moai. Mar Jager wit dat der nuansearre wurde moat: "Wy ha hjir in folslein oare learlingepopulaasje as yn de Rânestêd. Hjir bin folle minder allochtoane learlingen. De problemen dy't skoallen yn bygelyks Rotterdam ha, kenne wy net." Dochs tinkt Marten Jager dat de grutte ROC's dêr noch in soad leare kinne fan de Fryske oanpak. Troch yn grutte skoallen lytsskaliger te wurkjen en ek dêr bern streekrjocht oan te sprekken kin je in soad problemen foarkomme en learlingen op skoalle hâlde. It ministearje fan ûnderwiis ûnderskriuwt dat. Fan it ministearje út wurde skoallen stimulearre om nei Fryslân te kommen en dêr te sjen hoe't de problemen oanpakt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)