Man mei stroomstjitwapen bedriget Ljouwerters

10 sep 2015 - 12:52

Twa Ljouwerters binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch in man mei in stroomstjitwapen bedrige. De manlju waarden yn de Vuurdoornstrjitte oansprutsen troch de man. Dy prate mei in Ljouwerter aksent. Der wiene noch twa oare manlju by de bedriger.

De man liet it wapen 'knetterje' om syn bedriging krêft by te setten. De manlju koene ûntkomme oan har bedrigers en hawwe de plysje warskôge. Dy hat it trio net mear oantroffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)