Foodwalk: kuierje en priuwe fan krûden en blommen

10 sep 2015 - 10:11

Kuierje tusken de fruitbeammen en genêskrêftige planten. Dat is it idee achter de 'foodwalk' lâns Bûtenpost en Kollum. De kuier wurdt tongersdei offisjeel iepene troch wethâlders Jelle Boerema fan Kollumerlân en Marten van der Veen fan Achtkarspelen. De foodwalk is in inisjatyf fan streekkarmerk Wâldpyk en Landschapsbeheer Fryslân.

It giet om in kuierrûte fan sân kilometer lâns in bûnt ferskaat fan wylde krûden, ytbere blommen en griente en fruit. Kuierders meie dêr ek fan priuwe.

De rûte begjint by botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost en giet ûnder oare lâns it rivierke De Swadde. Der dogge sa'n seis bedriuwen en ynstellings oan de foodwalk mei.

Trefwurden: 
Foodwalk Bûtenpost Wâldpyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)