Dronken bestjoerder naait út nei ûngelok en wurdt oanhâlden

10 sep 2015 - 08:19

In dronken 39-jierrige autobestjoerder út Drachten is woansdeitejûn oanhâlden nei't de man in ûngelok feroarsake hie en dêrnei útnaaide. De man botste op de Noarderhegewei op in oare auto en ried fierder. De man by wa't de Drachtster opbotst wie, sette de achterfolging yn en warskôge de plysje. Dy koe de drankrider op De Brekken oanhâlde.

It rydbewiis fan de Drachtster wie al net mear jildich fanwege in earder fergryp. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
drankrider ûngelok útnaaie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)