Nije útstalling oer Marijke Meu op lânguod Oranjewâld

09 sep 2015 - 15:36

Op lânguod Oranjewâld wurdt woansdeitemiddei de útstalling 'Friezen op besite by Marijke Meu' iepene, troch deputearre Sietske Poepjes. Prinses Maria Louise - dy't dus ek wol Marijke Meu neamd wurdt - brûkte it lânguod Oranjewâld doe't sy yn Fryslân wenne in protte as bûtenferbliuw.

By de ústalling is de moade te sjen dy't yn Marijke Meu's tiid droegen waard troch foarname froulju. Sa wurdt in replika útstald fan in jurk fan Marijke Meu. Ut de kolleksje fan de Kostúmkommisje Fryslân wurde Fryske kostúms toand út de 18e en 19e ieu.

De útstalling is it kommende wykein te besjen mei it Iepen Monumintewykein en duorret oant en mei 16 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)