Nije kommisje yn Eanjum sil gasboarrings folgje

09 sep 2015 - 12:48

Doarpsbelang Eanjum hat in wurkgroep yn it libben roppen dy't de gaswinning fan de NAM by Moddergat sekuer yn de gaten hâlde sil. Dêrneist sil dizze 'kommisje Bodemdaling' de nedige ynformaasje sammelje om buertbewenners ried en advys te jaan. Hjirfoar wurdt ûnder oaren kontakt socht mei deputearren en ynstânsjes yn Grinslân.

De al besteande 'wurkgroep Nes' is tige wiis mei it nije inisjatyf en hopet dat beide wurkgroepen yn de takomst gearfoege wurde.

Yn Moddergat hat de NAM de ôfrûne njoggen dagen dwaande west om dêr in nije boartoer fan 46 meter heech del te setten. Tongersdei sil úteinset wurde mei de boarrings. De kommende moannen sil dy toer goed 1,5 miljard kuub gas winne.

Dat stiet lyk oan trije jier gas foar alle húshâldings fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)