Drankrider út It Bilt foar de tredde kear trappearre

09 sep 2015 - 12:35

In 26-jierrige drankrider út It Bilt is tiisdeitejûn trappearre nei't er belutsen wie by in oanriding op de N31 by Warten. Om't de man twa kear earder foar itselde fergryp oanhâlden is, moat hy by it Centraal Bureau voor de Rijvaardigheid (CBR) in kursus folgje. De man moat dizze kursus sels betelje.

Hy krige dêrneist in proses-ferbaal en in rydferbod foar trije oeren.

Trefwurden: 
drank drankrider Warten It Bilt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)