Drachtster (34) grypt frou by de kiel

09 sep 2015 - 11:18

In 34-jierrige Drachtster is tiisdeitemiddei oppakt om't er in frou fan 30 by de kiel grypt hat. Ek hat er it slachtoffer op 'e grûn smiten. De frou siet mei in oare frou yn de tún fan in wenning oan de Spitael, doe't de Drachtster ynienen de tún ynfytste. Nei de mishanneling is er útnaaid.

De plysje hat him letter yn syn eigen hûs oanhâlden. De man en de frou kenne mekoar. Wêrom't de man it slachtoffer oanfallen hat, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Drachten mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)