Kollum: "De lêste dûns"

09 sep 2015 - 08:46

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"It is foar it oare de selde toan as justermoarn, ik folje Willem Schoorstra efkes oan. Ek al om't de minsken fan de Omrop it moai fûnen om krekt juster te fertellen dat der nije wike in dei foar it Fryske wurd wêze sil. Dat wie wol handich om't steatsiktaris Sander Dekker krekt earjuster fertelde dat Omrop Fryslân op de eigen stjoerder bliuwt, foar de Fryske taal.

Tagelyk die er trouwens it domste wat in steatssiktaris ea dwaan kin. Hy hie oant no de regionale omroppen sels prutse litten om 17 miljoen te besunigjen. No dy kamen net fierder as it wer oprjochtsjen fan de RONO. Omrop Fryslân moast dan wer mei Grinslân en Drinte yn it bedstee, dêr’t se sa’n 35 jier lyn útklaud wienen.

Sander lies it, helle de skouders op en sei terjochte: da’s in ûnnedige, net wurkbere ekstra bestjoerslaach. Dus de regionale omroppen falle alle trettjin aanst ûnder ien baas. Eartiids wie dat de NOS. Dy hie dan ien man yn it bestjoer, dy wie kommissaris regionale saken. No wie dat de Beetstersweachster D66-er Minne Dykstra. Dêr hienen we noch wol safolle ellinde fan dat as hy op besite gie by in regionale omrop wie dat de Fryske, want dan wie hy wat gauwer thús.

Mar hy wie wol leaf, safolle lêst hienen we der no ek wer net fan. En dat is dus de dommens fan Sander Dekker, al wie dat doe noch mar in beukerke fan twa, trije jier. Mar Hilversum, alle omropbazen sitte yn Hilversum, dat is o sa’n moai ein fuort. It duorret jierren en jierren foar dat feroaringen ynfierd binnne, want Hilversum moat mar elke kear mei elkenien prate…. ooh gouden tiden foar de omrop komme wer tefoarskyn. Ja, je moatte mei twa miljoen minder, Dekker syn finansjele doelstelling bliuwt gelyk, mar ach dêr rêde se dochs wol mei.

Ommers as je dan ek noch mei in pompeblêdeflachje omrinne, dan bin je hielendal eigen baas fansels. Want yn Hilversum witte se neat fan Friezen, en as je regionale omrop dwaan wolle is dat foar Friezen, dus de omrop bepaalt sels wol hoe’t de programma’s derút sjogge. Boppedat sil se de âld-Fries Jack de Vries, no baas by it mienskiplik orgaan regionale omroppen, wol de lieding jaan, oars hawwe se tefolle lêst fan him as hy ferkiezingshelper fan Diederik Samsom of sa wurdt.

En fansels bliuwt dy stjoerder in eigen kanaal hâlden om de Fryske taal yn de mienskip te pompen. Ljouwert, de Stelingwerven, de eilannen, It Bilt, it Marne kolleezje en fan 'e moarn ek dy soere Ljouwerter Krante, wolle noch net meidwaan. Mar dan is der ek noch wat sindelingewurk. Dus dêrom juster de meidieling oer de dei fan it Fryske wurd. Feest yn de Omrop tún, de kninen dy't dêryn omhingje sille noch skrikke nije wike sneon. Ienriedich stiet Fryslân dêr feest te fieren. Mei sang en dûns.

Ienriedich? Nee. Want dêr wie ynienen deputearre Sietske Poepjes. De ferslachjouwer dy't der hinne gie, hie it kolleezjeprogramma lêzen en soe efkes har opteinens registrearje, mear soe 't net wêze. Mar dit provinsjaal bestjoer yt wol taarten fan Tryater op, mar rint foar har ferantwurdlikens wei as it op jild oankomt.

It soe logysk wêze dat de provinsje yn it belang fan it Frysk, want dat jout Omrop Fryslân syn eigen posysje yn it kakelbûnte gehiel fan regionale omroppen, der no sels wat jild yn stoppet. Mar Sietske sette daliks in streek. As Dekker de ferantwurdlikens nimt tsjinoer it Frysk (him tusken heakjes oplein troch Rein Hoekstra en oare hege amtners, dy hawwe ’m op in jûn efkes by it boarst hân) dan moat er dat ek sels mar betelje.

It is ryksbelied. Lekker puh, wy gean op ús sintsjes sitte.

Se liet mar ien lyts iepeninkje. Se fielde it ferhaal fan Sander Dekker as in útnoeging om te dûnsjen. En sy woe wol mei Sander Dekker dûnsje. Earme steatssiktaris. Dy wurdt as in idioat oer de dûnsflier swibere troch Sietske. Dat hy giet gau werom nei syn stille hoekje. En hy jout dat jild noait mear. Mar dat hoecht ommers ek net. Dat jild moat fan de provinsje Fryslân komme.

Fryslân wol dochs hieltyd mear betsjutte foar it Frysk. Doch dêr no ek ris in kear wat mei. De earste Fryske film ea hjitte Kar út twa. Mar we draaie no: de lêste dûns."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)