'Ervaringscentrum' Skylge giet net troch

08 sep 2015 - 17:04

It plan om foar tusken de 13 en 17 miljoen euro in saneamd 'ervaringscentrum' del te setten yn de Tonneloads op West-Skylge giet net troch as it oan boargemaster en wethâlders op it eilân leit. It is te djoer en it is net te eksploitearjen, sa konkludearret wethâlder Teun de Jong op basis fan in ûndersyk nei de helberens fan de plannen. Inisjatyfnimmer fan it plan mei de namme 'de reis van Brandaan' is Wouter van Dieren.

De gemeente siket no mei Steatsboskbehear en Rykswettersteat nei oare mooglikheden om yn it gebou sjen te litten wat Rykswettersteat en mooglik ek Steatsboskbehear allegearre dogge en dien ha. Boppedat moat it gemeentlike sintrum foar natoer en lânskip dêr in plakje krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)