Delegaasje Bonêre op wurkbesite yn Fryslân

08 sep 2015 - 15:09

In delegaasje fan de Akademia Papiamentu fan Bonêre komt nije wike foar in wurkbesite nei Fryslân. De Antillianen wolle har ferdjipje yn it trijetalich basisûnderwiis. Se wolle sjen oft dat ek geskikt is foar it ûnderwiis op Bonêre.

Neffens de Akademia Papiamentu stiet it Papiamentu op Bonêre ûnder druk sûnt it eilân in Nederlânske gemeente wurden is. Op oantrunen fan it Ministearje fan Underwiis is it tal lesoeren yn it Papiamintsk werombrocht en ferfongen troch oeren Nederlânsk.

Mar foar de measte bern op Bonêre is it Nederlânsk in poerfrjemde taal. Sy prate Papiamintsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)