Premjêre iepenloftspul De Harkema ferpleatst nei woansdei

08 sep 2015 - 12:40

It iepenloftspul 'Dûnsjende wiis' fan De Harkema moat troch it wiete waar de premjêre fan tiisdei in dei opskowe. It reinwetter fan de lêste dagen hat de repetysjes en de generale fan moandeitejûn bot yn 't paad sitten. De spilers ha it twadde bedriuw noch net ien kear hielendal útspylje kinnen. Boppedat lei in stroomsteuring troch in lek alle technyk moandeitejûn plat.

De generale repetysje sil no tiisdei wêze, de premjêre woansdeitejûn 9 septimber.

"Dûnsjende wiis' wurdt opfierd yn temapark De Spitkeet op 'e Harkema. It stik is in bewurking fan de film 'Dirty Dancing' en stiet ûnder rezjy fan Tineke Broers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)