Kollum: "Hallo? Folluk? Is der ien?"

08 sep 2015 - 08:29

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It soe net, mar ik doch it toch: in stik breidzje oan de kollum fan foarige wike. Dat komt om’t ik in pak sâlt fûn èn in grouwe slak om it op te lizzen. Dy slak wie in skriuwen fan Frâns Kuipers, de foarsitter fan in rebelleklup mei de namme Stifting BMD (Brede Maatskiplike Diskusje oer it belang fan it Frysk yn Fryslân).

In eigenaardige klup mei in eigenaardige doelstelling. In sa goed as ûnsichtbere klup, ek. Se bestean al in pear jier, mar breder as fiif man yn in achterôf sealtsje is de Maatskiplike Diskusje oant no ta net wurden. Op himsels net ferwûnderlik mei sa’n sinleaze doelstelling. It past fansels yn de wy-kin-better-prate-as-wat-dwaan kultuer, mar it bliuwt op syn minst opfallend.

Lyksa opfallend oan it stik fan de BMD is it tal taalflaters: dat binne der mear as dat der skulpen op it strân fan Skiermuontseach lizze. En tink derom, ik bin gjin taalneuker, mar foar in stifting dy’t it oer it belang fan Frysk yn Fryslân ha wol, is it net allinne suterich mar faaks ek yllustratyf. Mar klear, net eamelje foar de kofje.

Sa’t it in eigenaardige klup foeget, stean der eigenaardige opmerkings en fêststellings yn it stik. De stifting konstatearret dat sawol de Omrop as de beide deiblêden yn swier waar sitte. Dat komt neffens harren ûnder oaren troch minder harkers, sjoggers, abonnees en skriuwers. Dat lêste begryp ik net, mar dat kin him oan my lizze.

Fierder komt soks omdat in protte nijs fia it ynternet ta de minsken komt. Nu.nl, itnijs en liwwadders.nl wurde as foarbyld oanhelle, mei, en no helje ik in sin út it stik oan, nijs en eftergrûnen dy’t nearne oars te finen binne. Dat kin de sjoernalisten fan de âlde media har mar oanlûke! De stifting stelt ek fêst dat it Frysk der in stik beroerder foar stien hie sûnder Omrop Fryslân, en dat de beide deiblêden it op dat mêd sitte litten ha. Wa hie dat tocht? De Omrop as taalbefoarderer. Men heart wol ris oare lûden…

Afijn, BMD stelt foar om beide kranten en de Omrop te keppeljen, om sa it fuortbestean te bewissigjen. De stifting wol dêrta in nij bedriuw oprjochtsje, ien foar Fryske Media en Kultuer, it FMK. Dat nije bedriuw jout wurk oan sjoernalisten, ferslachjouwers, muzikanten, sjongers, senarioskriuwers, ynternetsaakkundigen, technyske minsken, printers, ensafierder. (Foar de folsleinens set ik dêr dan ek mar teatermakkers, filmmakkers en skriuwers by. En balletdûnsers, fansels.)

Ien fan de politike betingsten is, sa seit de BMD, dat it befoarderjen fan de Fryske Taal en Kultuer in haaddoelstelling bliuwt. Alwer eigenaardich. Soe it net om de bêst mooglike sjoernalistyk gean moatte, wêrby’t de taal in middel is?

Yn alle gefallen moatte de bedriuwsynkomsten foar in grut part út de merke komme (ik nim oan dat se merk bedoele, mar goed, in kermis is ek moai). Dat betsjut in grut part fan mear as alve miljoen, allinne al foar de Omrop. No ha ik de Fryske merk goed heech, mar dat dy foar sokke bedragen noed stiet, liket my in utopy. Fansels moat de provinsje byspringe, mar dat sil yn alle konstruksjes it gefal wêze.

Ik bin der oars fan oerstjûge dat de BMD it bêst bedoelt, ek al is harren stik sa bryk as in kroade. De ynstek moat wêze dat wy, de befolking, it bedriuwslibben en de provinsje, yn alle gefallen de Omrop op de noed nimme moatte. Dêr binne wy it wol oer iens. Trouwens, juster op ’e neidei kaam it nijs dat Fryslân in Frysktalige Mediaynstelling hâldt.

Der moat wol wer 1.4 miljoen besunige wurde, wat sa’n 15 banen kostje sil. Boppedat is net dúdlik wa’t aanst baas oer de Omrop wêze sil. Dus dy sa winske selsstannigens is noch hieltyd bittere needsaak. Dat, myn oprop bliuwt itselde. It wachtsjen is op in sinjaal út de Fryske polityk.

Hallo? Folluk? Is der ien?"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)