Eksploazje en brân by Flexoplast yn Harns

08 sep 2015 - 07:11

Yn it ferpakkingsbedriuw Flexoplast oan de Industriewei yn Harns hat yn nacht fan moandei op tiisdei in brân west. By de brân hat him ek in eksploazje foardien yn in distilearfet. By it bedriuw wurdt plestik ferpakkingsmateriaal makke en net fier fan it fet binne ek gefaarlike stoffen opslein.

De brânwacht skaalde de brân gau op nei grutte brân, omdat it fjoer net mei wetter, mar mei skom blust wurde moast.

It gebou is neffens de brânwacht swier skansearre rekke, mar net ien fan de meiwurkers fan de nachtploech rekke ferwûne. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)