Weststellingwerf op syk nei wenromte foar flechtlingen

07 sep 2015 - 20:45

De gemeente Weststellingwerf giet op syk nei wenromte foar asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. Dêrmei wol de gemeente helpe om romte te meitsjen yn besteande asylsikerssintra. Der is in grutte efterstân by it pleatsen fan minsken mei in fergunning. No't de stream asylsikers en flechtelingen tanimt is de need heech om krekt dy groep oan wenromte te helpen.

In mearderheid yn de ried stipet it plan. Oan de ein fan 'e moanne wol de gemeente de definitive plannen presintearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)