Ludike fytsaksje foar lanlike soarchdemonstraasje

07 sep 2015 - 20:02

De fakbûnen hâlde tiisdei yn Fryslân in ludike fytsaksje om omtinken te freegjen foar in lanlike demonstraasje foar de soarch. Sneon is yn Amsterdam de grutte lanlike Red de Zorg-demonstraasje.

De fytstocht, organisearre troch it Fryske Red de Zorg-komitee, giet by fersoargingshuzen del. It kabinet besuniget bot op de soarch foar âlderein en jongerein dy't help nedich hat, en op de help foar minsken mei psychyske problemen. Foar harren is yn trochsneed fjirtich prosint minder jild beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)