Noch gjin akkoart oer stipe foar boeren

07 sep 2015 - 22:38

De 28 lannen fan de Europeeske Uny binne it moandeitejûn yn Brussel net iens wurden oer in plan om de lânbousektor te helpen. It oerlis is ôfsletten sûnder akkoart. Takom wike komme de ministers wer byelkoar yn Lúksemboarch om ta in oplossing te kommen. Earder op de jûn lei der noch in foarstel om mei 500 miljoen euro de boeren temjitte te kommen.

Vice-presidint Yirki Katainen wol mei de stipe de finansjele posysje fan de boeren ferbetterje en de knipepunten op 'e ynternasjonale merk fuorthelje.

Katainen fynt ek dat de bining tusken de lânbou en de rest fan de maatskippij ferbetterje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)