Minister Kamp net nei Skylge om gaswinplannen te besjen

07 sep 2015 - 18:44

Minister Kamp van Ekonomyske Saken komt net nei Skylge. De minister wie útnoege troch GastTvrij Terschelling, de Waadferiening en Miljeudefinsje om mei eigen eagen te sjen dat gasyndustry net op in Waadeilân past. De reden dat Kamp net komt is, omdat it net yn te passen is yn syn aginda. Mooglik dat er letter wol komt.

GastTvrij Terschelling lit yn in reaksje witte dat se it spitich fine dat de minister net komt, mar dat se noch wol mei Kamp prate sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)