Argyf premier Gerbrandy nei Tresoar

07 sep 2015 - 18:37

It argyf fan oarlochspremier Pieter Sjoerds Gerbrandy giet nei histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert. It is ôfkomstich fan syn pakesizzer Piet Gerbrandy. De argyfstikken datearje foar it grutste part út de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch.

Pieter Sjoerds Gerbrandy libbe fan 1885 oant en mei 1961. By de skinking oan Tresoar sitte ek persoanike brieven fan Gerbrandy oan Hendrina Elisbeth Sikkel, mei wa't er yn 1911 troude.

Njonken brieven en oare papieren hat Tresoar ek fotomateriaal krigen en tal ûnderskiedingen dy't Gerbrandy fanwegen syn rol as premier yn ballingskip yn Ingelân yn de Twadde Wrâldoarloch krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)