Fertochten wapene oerfal Beetstersweach langer fêst

07 sep 2015 - 14:21

Twa fertochten fan de wapene oerfal op in supermerk yn Beetstersweach, ôfrûne moanne, bliuwe minimaal trije moannen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter besletten. It giet om in jongeman út Ljouwert en in fertochte sûnder fêst wenplak. In tredde fertochte is frijlitten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dizze man neat mei de oerfal te krijen hie.

Wol hat de plysje letter in 25-jierrige Ljouwerter oppakt foar belutsenens by de oerfal. Woansdei wurdt besletten oft ek hy langer fêstsitten bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)