Brân op VMBO-skoalle Van Haersmasingel yn Drachten

07 sep 2015 - 14:02

Op de middelbere skoalle Singelland Van Haersmasingel yn Drachten is moandeitemiddei brân útbrutsen op de boppeste etaazje. De skoalle is út foarsoarch ûntromme. Alle skoalbern binne bûten en wurde opfong yn de njonkenlizzende skoalle Drachtster Lyceum.

De brânwacht is oproppen en ûntduts in brân yn de meterkast op de tredde etaazje. De brân is ûnder kontrôle. By de brân binne gjin learlingen of meiwurkers ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)