Regionale omroppen bliuwe sels baas oer programmearring

07 sep 2015 - 13:24

De redaksjes fan de regionale omroppen hâlde sizzenskip oer de programma's dy't se útstjoere op radio en tillevyzje. Dat is de útkomst fan oerlis tusken steatssikretaris Sander Dekker en ROOS, de oerkoepeljende organisaasje foar de 13 regionale omroppen. De ôfspraken binne moandei nei de Twadde Keamer stjoerd.

Wol wurdt der in Regionale Publieke Omroep (RPO) oprjochte. Dy wurdt ferantwurdlik foar de administraasje fan de omroppen. Ek saken as finansjen, technyk en personiel wurde hjiryn ûnderbrocht.

De besparring op dizze kosten is nedich om de besunigings fan 17 miljoen euro op te fangen by de regionale omroppen. De feroarings jilde fan 2017 ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)