Apotekers jouwe omtinken oan analfabetisme

07 sep 2015 - 13:10

Apotekers starte moandei mei in kampanje om omtinken te jaan oan minsken dy't net of minder lêze kinne. Pasjinten dy't net goed lêze kinne, sille faker flaters meitsje mei harren medisyngebrûk. Dochs hawwe apotekers faaks net yn de gaten dat pasjinten net goed lêze kinne, om't se har derfoar skamje om it te sizzen. De kampanje bestiet út twa dielen. Alderearst wurde de apotekers traind om de sinjalen te herkennen. Ek komme der 24 ikoanen, wêrmei't begrippen útlein wurde.

Jouke de Jong fan apoteek De Wiken yn Drachten fernimt yn de praktyk dat pasjinten medisinen ferkeard brûke, om't se de bysluter net goed begripe. Hy hopet dat minsken har troch de kampanje minder skamje sille en iepener doarre te wêzen oer harren fragen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)