Tsjummearumer rekket scooter kwyt nei riden sûnder rydbewiis

07 sep 2015 - 11:10

In 19-jierrige man út Tsjummearum moast yn de nacht fan snein op moandei syn scooter ynleverje, om't er al foar de tredde kear betrape wie op riden sûnder rydbewiis. De man ferklearre tsjinoer de plysje dat er honger hie en dêrom ûnderweis wie nei in restaurant.

Om't it al de tredde kear wie dat de fertochte sûnder rydbewiis ried, hat de plysje dit kear de scooter yn beslach naam.

Trefwurden: 
scooter rydbewiis Tsjummearum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)