Grinzer besiket stellen munten yn te leverjen by ITGWO

07 sep 2015 - 10:57

In 21-jierrige man út Grins is sneintemiddei oppakt, om't er goed 350 festivalmunten stellen hie op Into The Great Wide Open op Flylân. De fertochte wurke op in camping en hie de munten stellen út in kantoar. Hy besocht se by de kassa wer yn te leverjen en sa it jild, goed 900 euro, kontant op te heljen. Dat slagge net, want de man waard trappearre. De plysje hat in proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)