Jeugdsportfûns hieltyd faker frege om finansjele stipe

07 sep 2015 - 07:47

It oantal bern yn Fryslân dat de fuotbalklup, de tennisferiening of de judoles net betelje kin en in berop dwaan moat op it Jeugdsportfûns, sil ek de kommende jierren noch flink groeie. Dat ferwachtet de nije foarsitter, Anne Jochum de Vries. In jier as tsien lyn holp it Jeugdsportfûns noch mar in stik of seis bern. Dit jier binne dat der al 2300.

De Vries tinkt dat dit oantal noch wolris ferdûbelje kin, de kommende jierren. Hy wol dêrom in bettere gearwurking mei fûnsen dy't ûngefear itselde wurk dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)