Trio De Groot wint keatsen yn Penjum

06 sep 2015 - 17:02

Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ha snein de lêste frije formaasjepartij fan it seizoen wûn yn Penjum. Yn de finale wie it trio mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Dylan Drent en Evert Pieter Tolsma. Drent foel yn foar Hendrik Jan van der Velde. Renze Pieter Hiemstra sloech de partij út mei in boppeslach. It wie de fjirde seizoensoerwinning foar it partoer fan De Groot.

Dijkstra-en-dy wûnen de heale finale mei 5-4 en 6-6 fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

Hans Wassenaar waard útroppen ta kening en naam dêrmei de sulveren tulp oer fan Gert-Anne van der Bos.

Trefwurden: 
keatsen Penjum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)