Admiraliteitsdagen yn Dokkum lûke 50.000 besikers

06 sep 2015 - 16:43

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum hawwe goed 50.000 besikers lutsen. Dat tal leit wat leger as de organisaasje yn 't foar ferwachte hie. It bytiden minne waar wurdt as wichtichste oarsaak neamd.

Fanwege de fyfde edysje duorre it nautyske evenemint dizze kear gjin trije, mar fjouwer dagen. Al op tongersdei wie de offisjele iepening en net op freed. Oerdeis koe publyk genietsje fan muzyk en ek jûns wienen der konserten op in grut poadium dat oer it Kleindiep boud wie. Der wienen tal fan aktiviteiten lykas grêftswimme.

Trefwurden: 
admiraliteitsdagen Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)