Ferlies foar kuorbalploegen fan LDODK en SCO

06 sep 2015 - 16:18

De kuorballers fan LDODK binne it nije seizoen yn de eareklasse begûn mei in 24-19 ferlies by Blau Wyt Amsterdam. Yn Amsterdam gong de striid lang lykop, wat resultearre yn in 9-9 rêststân. Yn de twadde helte namen de Amsterdammers de lieding oer en rûnen út nei 15-12. De formaasje fan De Gordyk en Terwispel wist de oansluting te hâlden oant 16-14, dêrnei rûn Blau Wyt út nei 22-17. De ploech fan trainer Erik Wolsink slagge der net mear yn de skea yn te rinnen.

SCO ferlear de twadde wedstriid fan it seizoen mei 25-20 fan Wageningen.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)