Amper útfallers by SUPalvestêdetocht

06 sep 2015 - 15:59

By de SUPalvestêdetocht ha dit jier net folle útfallers west, nettsjinsteande it minne waar. Sa'n 130 dielnimmers binne snein al peddeljend op in planke oankaam yn de Prinsetún yn Ljouwert. Guon fan har ha ien of twa etappes oerslein fan de tocht dy't oer fiif dagen hâlden waard. Sy krije wol in medalje, mar net it offisjele krúske.

De alvestêdetocht is woansdei begûn. Benammen by de etappe fan Warkum nei Frjentsjer wie it striemin waar. Doe oerwage de organisaasje om de tocht stil te lizzen, mar liet dat beslút oan de dielnimmers oer.

It wie foar de sânde kear dat de alvestêdetocht foar SUP'ers hâlden waard. Doel is dat ek takom jier wer in tocht komt.

Trefwurden: 
Ljouwert SUP Alvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)