Man út Gerkeskleaster ferstoarn yn Doezum

06 sep 2015 - 14:35

Yn it Grinslanner Doezum is in 25-jierrige ynwenner fan Gerkeskleaster om it libben kommen. In foarbygonger seach de bromfytser sneintemoarn om likernôch healwei alven yn in sleat oan de kant fan de Eesterweg lizzen. Flakby it slachtoffer lei in scooter. It die bliken dat de bestjoerder ferstoarn wie.

It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is. Ek is noch ûndúdlik wannear't de man yn it wetter rekke is. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Doezum Gerkeskleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)