Bargeboeren demonstrearje moandei yn Brussel by lânboutop

06 sep 2015 - 15:30

De Nederlânske bargeboeren binne moandei prominint oanwêzich op de grutte Europeeske boeredemonstraasje yn Brussel. Op dy demonstraasje wurde tsientûzenen boeren en hûnderten trekkers ferwachte út ûnder oare Nederlân, België, Frankryk en Dútslân.

Sy fine dat de Europeeske polityk maatregels nimme moat, no't in soad boerebedriuwen mei ferlies draaie troch de lege prizen foar molke en fleis. De Europeeske ministers fan lânbou prate moandei oer dit probleem op in ekstra lânboutop.

De bargeboeren presintearje yn Brussel in tsien punteplan om har posysje te ferbetterjen. De belangrykste eask is in ein oan de ûnearlike konkurrinsje. Ek soe de Europeeske Kommisje der foar soargje moatte dat de eksport nei Ruslân wer op gong komt.

De bargeboeren yn Nederlân hawwe hegere kosten as kollega's yn oare Europeeske lannen en sille yn Brussel omtinken freegje foar dit probleem. Foarsitter Eric Douma fan de seksje bargehâlderij fan LTO fynt it ûnakseptabel dat de boeren hjir hegere lêsten hawwe. Douma is sels bargehâlder yn de Weperpolder, by Easterwâlde. Hy hat de ôfrûne jierren, lykas in soad fan syn kollega's, in soad ynvestearre om te foldwaan oan alle Nederlânske regels op it mêd fan duorsumens, bistewolwêzen en miljeu. Yn de ferliesjaande merk fan no is it foar de bargeboeren ûnmooglik om dy ynvestearrings wer werom te fertsjinjen, neffens Douma.

Trefwurden: 
bargeboeren protest Brussel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)