Tom-Jelte Slagter wint wer etappe yn Ronde fan Alberta

06 sep 2015 - 13:34

Tom-Jelte Slagter út Nij Beets hat sneon foar de twadde kear op rige in etappe wûn yn de Ronde fan Alberta yn Kanada. De hurdfytser bleau sneon nei goed 160 kilometer de Ljouwerter Bauke Mollema foar. It ferskil wie fjouwer sekonden. Freed wûn er de tredde etappe fan de Ronde fan Alberta. Ek doe wie er rapper as Bauke Mollema.

Slagter pakte de lieding yn it punteklassemint en klom yn it algemien klassemint nei it tredde plak. Hy stiet op 22 sekonden fan Mollema dy't earste stiet. Twad stiet Adam Yates.

De Ronde fan Alberta duorret mei elkoar seis dagen en einiget moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)