2015Festival yn Drylts: 'Milenniumdoelen moatte konkreter'

06 sep 2015 - 13:09

De duorsume ûntwikkelingsdoelen fan de VN binne net konkreet genôch. Dat sei Jos Ikink fan it Milenniumnetwurk Fryslân op de lêste edysje fan it 2015Festival yn Drylts.

De nije doelen folgje de milenniumdoelen op dy't yn 2000 fêststeld binne en ein dit jier ôfrinne. Ien fan de VN-ûntwikkelingsdoelen is sûnenssoarch foar elkenien. Neffens Ikink moat dat doel folle konkreter wêze sadat publyk, oerheden en bedriuwslibben der in bydrage oan leverje wolle.

De opbringst fan it 2015Festival sil donearre wurde oan in projekt tsjin honger. Jos Ikink waard dit wykein beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau.

Trefwurden: 
milennium Drylts Festival2015
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)