Net minder besikers op ITGWO op Flylân troch minne waar

06 sep 2015 - 16:00

It minne waar dit wykein hat úteinlik gjin ynfloed hân op it oantal besikers fan it festival Into The Great Wide Open op Flylân. Neffens de organisaasje binne sa goed as alle 6.000 minsken mei kaartsjes dochs gewoan nei it eilân ta kaam.

It program fan it festival koe hast folslein trochgean, allinnich sneontejûn moast in foarstelling yn de dunen 20 minuten foar de ein ôfbrutsen wurde, omdat it te hurd waaide. Ek binne in pear aktiviteiten ferpleatst fan bûten nei binnen. In pear tinten op de camping waaiden fuort.

By ITGWO stiet de muzyk sintraal, mar der is ek byldzjende keunst, film en teater. Doel is dat der ek takom jier wer in edysje komt fan it festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)