Harkyt ferwûne by botsing op file op A7

06 sep 2015 - 11:26

Op de A7 by Boarnburgum is in 35-jierrige man fan De Harkema sneontemiddei ferwûne rekke by in oanriding. Hy seach te let dat foar him in file stie en botste doe op in stilsteande auto. Mei ûnbekende ferwûnings is de bestjoerder nei it sikehûs yn Drachten brocht. De twa ynsittenden fan de stilsteande auto, twa froulju fan 44 en 48 jier út Drachten, rekken net ferwûne.

Trefwurden: 
plysje botsing A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)