Kamielen oan de kuier op It Hearrenfean

06 sep 2015 - 11:03
Foto: Twitter Jan Graafstra

Oan de Stadionwei op It Hearrenfean binne sneintemoarn njoggen kamielen losbrutsen. Se rûnen op it skulpepaad by de McDonald's. Dêr stiet op it stuit in sirkustinte. Foar de kamielen wie in plakje makke, mei skoktried. Mar troch in steuring stie der gjin stroom op en koene de bisten loskomme.

De plysje hat holpen om de bisten wer binnen de omheining te krijen.

Trefwurden: 
kamiel It Hearrenfean plysje
(advertinsje)
(advertinsje)