Hearrenfean hat bêste brânwachtkorps fan Nederlân

06 sep 2015 - 08:19

De brânwacht fan It Hearrenfean is sneon yn Dodewaard útroppen ta 'bêste brânwachtkorps fan Nederlân'. Dêr waarden de kampioenskippen fan de brânwacht halden. Meielkoar diene der njoggen korpsen oan mei. Gameren, yn Gelderlân, waard twadde, Wieringerwerf helle it tredde plak.

Yn de finale moast elts korps yn trije kertier in brân of ûngelok ta in goed ein bringe. De teams waarden beoardield op feiligens, snelheid en kennis fan saken. Sneontejûn om kertier oer tsienen hat der noch in huldiging west fan de Fryske brânwachtkollega's.

Trefwurden: 
brânwacht It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)