Entûsjasme by hendikepte autobestjoerders

05 sep 2015 - 17:53

Goed 100 minsken mei in ferstanlike hendikep ha sneon foar it earst sels efter it stjoer sitten fan in auto. It gong om in inisjatyf fan rydskoallehâlder Anja de Roos fan Jobbegea. Sy krige gauris sinjalen dat hendikepten it spitich fine dat se sels gjin rydbewiis helje kinne. Op it parkearplak fan it Abe Lenstrastadion mochten de hendikepten no sels in stikje ride yn ien fan de 18 lesauto's.

Der wiene ek djoere sportauto's, motors en frachtauto's te sjen. Frou De Roos sprekt fan in tige slagge dei.

Hoewol't de reaksjes dus posityf binne, is it net dúdlik oft it in ferfolch krijt

Trefwurden: 
rydles
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)