Ekstra treinen foar besikers '2015-festival' yn Drylts

05 sep 2015 - 17:29

Op it spoar tusken Starum en Ljouwert ride jûn ekstra treinen, om besikers fan it '2015 Festival' yn Drylts wer thús te bringen. Om 23.45 oere rydt der noch in ekstra trein fan Drylts nei Starum en om 00.30 oere noch ien nei Ljouwert. It festival yn Drylts is sûnt 2005 alle jierren hâlden, troch in groep frijwilligers fan it Milenniumnetwurk Fryslân.

It Festival wol de besikers op de hichte bringe fan de acht Milenniumdoelen fan de Feriene Naasjes en har oproppe om sels mei te dwaan oan in bettere wrâld.

It is sneontemiddei om 12 oere begûn en duorret oant healwei ienen, mei optredens, strjitteater, in berneprogramma, in merk, mar ek húskeamerpetearen. Om 17.00 oere hiene der sa'n 4000 minsken west.

Trefwurden: 
Drylts 2015-festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)