Neibesteanden by nij ynfopaniel delstoarten fleantúch

05 sep 2015 - 15:40

Oan it Spoekepaad by Earnewâld is sneon in betinkingsplak ûntbleate dat giet oer it Ingelske fleantúch dat dêr 73 jier lyn delstoarten is. Op reis nei Dútslân waard it fleantúch rekke troch it Dútske ôfwargeskut. Midden yn de nacht kaam de brânende Lancaster del yn de Alde Feanen tusken Warten en Earnewald. Trije fan de sân bemanningsleden kamen om it libben. By it ûntbleatsjen fan it ynformaasjepaniel wiene 20 neibesteanden út Australië, Kanada en Ingelân oanwêzich. Foar de measten is it foar it earst dat se yn Fryslân binne.

In stichting út Ljouwert (de Missing Airmen Memorial Foundation SMAMF) hat jierrenlang ûndersyk dien nei de skiednis fan it fleantúch en hat de kontakten lein mei de neibesteanden. Op it ynformaasjepaniel stean de foto's fan alle bemanningsleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)