Kraan rekket nei botsing yn de feart by Nijeholtwâlde

05 sep 2015 - 15:02

Op de Stadburen by Nijeholtwâlde is sneontemiddei in grutte kraan fan de dyk rekke nei in oanriding. De kraan kaam yn botsing mei in buske en bedarre dêrnei op de sydkant yn de sleat. De beide sjauffeurs rekken net ferwûne. De plysje hat de dyk tydlik ôfsletten. Mei help fan in oare kraanauto is de skansearre kraan wer op de dyk takele.

Trefwurden: 
botsing Nijeholtwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)